Plestik pier helpt swimmers yn Harns wer oer slyklaach

Rinne troch de dikke laach slyk op it Harnzer strân hoecht dit jier net © Omrop Fryslân
Swimmers yn Harns kinne mei de kommende waarme dagen wer sûnder problemen yn it seewetter komme. By de stêd is de ôfrûne dagen hurd wurke om de plestik pier by it strân wer werom te pleatsen. Ferline jier hat de gemeente Harns in proef dien mei de driuwende pier, om sa de badgasten yn 'e mjitte te kommen. Dy hiene al in lang skoft klage oer it slyk foar it strân.
Foar't de badgasten it seewetter yn dûke koene moasten se faak earst inkelde tsientallen meters troch in dikke laach slyk rinne. De proef mei de driuwende plestik pier is ferline jier slagge, sadat der ek dit jier wer in pontonpier by Harns te finen is.