Muzykferienings gemeente Ljouwert wurkje gear

17 jun 2017 - 10:39

Santjin muzykferienings út de gemeente Ljouwert hawwe in gearwurking opset om klear te wêzen foar de takomst. Yn de nije feriening, mei de namme 'Samenwerkende Muziekverenigingen Leeuwarden', wurdt benammen op finansjeel en muzikaal gebiet gearwurke. De earste oanset foar de nije feriening is al yn 2016 dien. Under oare de muzykkorpsen Crescendo Hijum/Feinsum, Da Capo Ljouwert en de Harmonie Weidum dogge mei oan de feriening.

Oant ein oktober sille der sneintemiddeikonserten organisearre wurde yn de Ljouwerter binnenstêd. Ek wol de nije feriening meidwaan oan Kulturele Haadstêd 2018. 

(advertinsje)
(advertinsje)