Keunstners meitsje op Oerol glês fan Skylger sân

17 jun 2017 - 10:03

Op it strân by Hoorn op Skylge wurdt glês makke. Keunstners fan Atelier NL sammelje sânmeunsters dy't ynbrocht wurde kinne troch it Oerolpublyk. De meunsters meie fan oeral op it eilân komme. De keunstners wolle sa ûndersykje hokker ferskillende soarten sânkleuren oft der binne op it eilân.

De kleur fan Skylge is opfallend grien. In ferklearring dêrfoar is noch net te jaan. Dat wurdt letter útsocht as eksperts ûndersyk dogge nei de krekte gemyske gearstalling fan it sân. De keunstners nimme in pear amers sân mei. Dêr wolle se eilanner glêswurk en diggelguod fan meitsje. De dream is dat yn de takomst al it glês op it eilân makke wurdt fan it eigen sân.

Trefwurden: 
glês sân Skylge Oerol
(advertinsje)
(advertinsje)