Foarbygonger heart reekmelder, bewenners ret út hûs fol reek

17 jun 2017 - 07:54
Reekmelder - Foto: ANP

In foarbygonger hat freedtenacht op De Harkema bewenners warskôge foar in mooglike brân. De wenning oan de Boekweitstrjitte stie op dat stuit fol reek. Neffens de brânwacht hearde de foarbygonger de reekmelder en hat er doe de bewenners warskôge. De minsken wiene fergetten dat se in panne op it fjoer hiene. De bewenners ha mar koarte tiid yn de reek west en binne mei de skrik frijkaam, sa meldt de brânwacht.

Nei oanlieding fan it ynsidint advisearret Brânwacht Fryslân op Twitter om in reekmelder te ynstallearjen yn 'e hûs foardat je mei fakânsje gean. "Brand kan ons allemaal overkomen", wurdt der warskôge. Neffens de brânwacht is de kâns grut dat, wannear't jesels mei fakânsje fuort binne, de buorlju de reekmelder dan hearre kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)