Sûkerbôle en oare streekprodukten krije eigen postsegel

16 jun 2017 - 22:29

De typyske Fryske sûkerbôle is net allinnich om op te iten, je kinne der no ek oan slikje. De swiete lekkernij ferskynt nammentlik op in postsegel. It Kenniscentrum Immaterieel Erfgoed Nederland en Post NL hawwe tsien streekprodukten útkeazen foar in spesjale searje postsegels. Oare lekkernijen binne bygelyks de Grinslanner eierbal, de Bossche Bol en de Limburchske flaai. De postsegels binne fan 19 juny ôf te keap by ûnder oare de Bruna.

(advertinsje)
(advertinsje)