Foppe de Haan: "EK foar froulju wurdt fantastysk"

16 jun 2017 - 22:13

De Nederlânske fuotbalfroulju moatte noch efkes geduld hawwe. Oer presys in moanne set it Europeesk kampioenskip útein yn eigen lân. Foar Foppe de Haan is in wichtige rol weilein. De fuotbaltrainer is sûnt jannewaris assistint-bûnscoach by de Oranjefroulju. "It is in oar libben. Ik ha 40 jier trainer en sels baas west. Myn rol is dy fan adviseur. Ik praat wat mei de iene en dan wat mei de oare. As ik wat sjoen ha, bepraat ik dat mei de bûnscoach (Sarina Wiegman) en de spilers. Ik moast yn it begjin wol efkes oan myn nije rol wenne", fertelt de coach út Nes. 

De 'Oranjeleeuwinnen' riede harren yn Zeist ta op it EK. "It is hiel aardich om te sjen hoe't se foarút geane. It fuotbal is wol oars: it is folle minder fysyk. Der wurde minder oertredingen makke, it tempo is leger, mar der wurdt wol hiel aardich fuotballe." Dat it toernoai yn Nederlân is, makket it foar De Haan ekstra moai. "It wurdt folle bak, want der is in hiel soad publisiteit foar. It wurdt in fantastysk toernoai en dat it yn eigen lân is, is hartstikkene leuk."

De ploech telt trije Fryske froulju: Sherida Spitse, Sisca Folkertsma en Loes Geurts. Se moatte mei harren teamgenoaten, neffens De Haan, yn steat wêze om twadde te wurden yn in groep mei Noarwegen, België en Denemarken. "As je wat wolle, sei Johan Cruijff earder, moatte je gewoan winne. It is in pittige pûl, mar net ûnmooglik. Se moatte sawiesa twadde wurde kinne."

(advertinsje)
(advertinsje)