Ynternasjonale priis foar dokumintêre oer mûntsen op Skier
De KRO-dokumintêre 'De terugkeer van de monniken naar Schier' hat de wichtichste priis foar katolike en protestantske tv-programma's yn Europa wûn. Dizze priis wurdt iens yn de trije jier útrikt. De dokumintêre fan Anne Christine Girardot en John Gruter fertelt it ferhaal fan de trappisten fan it kleaster Sion dy't ferhúzje nei Skiermûntseach en dêr opnij begjinne wolle. De ynternasjonale sjuery wie it unanym iens en priizge de dokumintêre om de fisuele foarm, sterke karakters en de tematyk.