Joop Mulder Plak nei Charlotte 't Hart en Karin van der Veen

16 jun 2017 - 21:49

De Joop Mulder Plak op Oerol is útrikt oan Charlotte 't Hart en Karin van der Veen. Dizze stimulearingspriis foar lânskip-kultuer-talint waard dit jier foar it earst útrikt. Troch de priis bliuwt de namme fan skiedend Oerol-oprjochter Joop Mulder ferbûn oan it festival. It twatal Van der Veen en 't Hart fierde op Oerol de Expeditie Klankvoer - Hap van 'T Wad út. Se ha in jildbedrach fan 10.673 euro krigen om nij wurk te ûntwikkeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)