Oerolgongers kinne elkoar helpe mei app 'Festihulp'

Festivalgongers op Oerol kinne dit jier gebrûk meitsje fan in nije app: de Festihulp. Mei help fan dizze app helpe festivalgongers en de frijwilligers op it eilân elkoar as it efkes tsjin sit. Bygelyks as de tint stikken giet, it luchtbêd lekt of der in sinnebril kwyt is. De app wurket as in tydlike mini-koöperaasje. Brûkers wurde yndield yn WhatsApp-groepen en stoarte fiif euro yn de pot. Wat der oerbliuwt fan it jild, krije se werom. Festihulp is in eksperimint fan Innofest en Univé en is dizze simmer ek by it Ljouwerter festival Welcome to the Village beskikber.