Eask: fjouwer jier sel foar misbrûk dochter

De rjochtbank yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tsjin in 49-jierrige Dokkumer is fjouwer jier finzenisstraf easke, wêrfan ien jier ûnder betingst, foar it seksueel misbrûken fan syn dochter. De man misbrûkte syn dochter twa jier lang. Dat begûn yn 2014, doe't it famke twa jier âld wie. Hy makke mei syn telefoan filmopnames fan it misbrûk. De saak kaam oan it ljocht doe't syn frou foarich jier de filmopnamen mei harren dochter op syn laptop fûn. Op de laptop fan de fertochte fûn de plysje fierder mear as 300-tûzen ôfbyldingen en goed 250 films mei berneporno. De rjochtbank yn Ljouwert docht oer twa wiken útspraak.