Schrier: 'Duorsume enerzjy yn lânskip akseptearje'

16 jun 2017 - 20:05

'Duorsume enerzjy wurdt hieltyd mear sichtber yn it lânskip, dat moatte we akseptearje yn Fryslân.' Dat sei deputearre Michiel Schrier freed yn it programma Fryslân Hjoed, nei oanlieding fan it protest tsjin de komst fan in biofergister yn Burgum. Omwenners binne benaud foar stjonkerij en oerlêst fan frachtauto's. 
Deputearre Schrier is fóar de biofergister, mar hy fynt dat de mienskip yn de plannen meinommen wurde moat. As der gjin draachflak is, wurdt akseptaasje dreech. It is mei biofergisters itselde as mei wynmûnen en sinnepanielen. Deputearre Schrier wiist der op dat de oergong fan fossile nei griene enerzjy needsaaklik is, mar ek offers freget. Bygelyks yngrepen yn it lânskip. 

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel hat tongersdeitejûn in moasje fan de FNP oannommen tsjin de komst fan in biofergister. Dy soe boud wurde op it terrein fan enerzjybedriuw Engie by de sintrale oan de Burgumermar. Tsjinstanners sizze dat it ten koste giet fan natoer en rekreaasje. It terrein is fan Engie, mar it is in natoergebiet en camping Zwartkruis leit der flakby. Fierder is der beswier tsjin de grutskalichheid fan it plan. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)