Boek oer libben en karriêre Lieuwe Westra

16 jun 2017 - 19:33

It giet goed mei Lieuwe Westra. Dat sei sportsjoernalist Thomas Sijtsma yn it programma Fryslân Hjoed. Sijtsma sil in boek skriuwe oer Westra dêr't de eks-prof 'hiel iepen' yn is oer syn hurdfytskarriêre en priveelibben. Sa fertelt er ûnder oare dat hy earder net graach nei skoalle fytste en him by min waar leaver troch syn mem bringe liet, mar is er ek hiel iepen oer syn eardere drugsgebrûk. Yn jannewaris fan dit jier kundige Westra yn in emosjoneel Facebook-berjocht oan in ein te meitsjen oan syn karriêre as hurdfytser.

(advertinsje)
(advertinsje)