'Wurkje mei bisten hat positive útwurking op kliïnten'

16 jun 2017 - 18:44

'It wurkjen mei bisten hat in positive útwurking op de kliïnten foar soarchpleatsen lykas 'Op Famke's Pleats' by Koarnjum', dat stelt Jelco Woudstra. Hy runt mei syn frou Natascha in bistepensjon foar benammen hûnen en katten. De fersoarging wurdt foar in part dien troch kliïnten mei ferskate eftergrûnen: in ferstanlike beheining, autisme of in pyschiatryske problematyk. Mar ek eks-ferslaafden en learlingen fan it spesjaal ûnderwiis binne der oan it wurk. Fanwege de "Moanne fan de soarchboer" is der sneon in iepen dei, mei rûnliedingen en tal fan aktiviteiten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)