Alve moanne sel foar dieder stekpartij Burgum

16 jun 2017 - 18:14
Foto: ANP XTRA

De man dy't ferline jier yn de krisisopfang de Blijenhof yn Burgum in oare man delstuts, hat alve moanne sel krigen. De man stuts it slachtoffer meardere kearen mei in grut keukenmes. Neffens de rjochtbank hie dat fataal ôfrinne kinnen. De rjochtbank lei trije jier sel op, wêrfan twa jier ûnder betingst. Dat wie mear as at de offisier fan justysje easke hie. Omdat er de úteinlike selstraf al yn foararrest útsitten hat, hoecht er net werom nei de finzenis. Mar hy moat wol trochgean mei de behanneling dêr't er al mei begûn is.

(advertinsje)
(advertinsje)