Mear kuolling en kontrôles op de Ofslútdyk

16 jun 2017 - 16:53

Rykswettersteat nimt maatregels om steuringen yn de noardlike brêge yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân safolle mooglik foar te kommen. De lêste tiid stiet it ferkear dêr regelmjittich fêst, omdat de brêge kromlûkt troch de waarmte. Der waard wol kuolle mei wetter, mar dat holp net genôch.

Rykswettersteat sil de brêge no earder en langer op in dei wiet hâlde en sil ek faker kontrolearje oft alles noch wol yn oarder is.

(advertinsje)
(advertinsje)