Bern leare oer wetter op Jeugd Wetter Congres

16 jun 2017 - 16:45

Hoe wichtich is wetter foar ús? En hoe soargje wy derfoar dat de wetterhúshâlding yn Fryslân op oarder is? Op dy fragen krigen 80 skoalbern freedtemiddei antwurd yn Ljouwert. De lokaasje foar dit Jeugd Wetter Congres lit him riede: Wetterskip Fryslân. De skoalbern kamen oan de hân fan proefkes yn de kunde mei de wetterwrâld. Doel fan it congres is om jongerein waarm te krijen foar in karrière yn de wettersektor en om se bewust te meitsjen fan it belang fan wetter. De learlingen hawwe in jier lang op skoalle dwaande west mei wetter. Sa hawwe guon in kampanje betocht foar it promoatsjen fan wetterdrinken op de eigen skoalle.

(advertinsje)
(advertinsje)