Engie: nuvere hâlding Tytsjerksteradiel by biofergister

16 jun 2017 - 16:19

Enerzjyleveransier Engie is fernuvere dat de gemeente Tytsjerksteradiel de bou fan in biofergister tsjinhâlde wol. Tongersdei hat de ried - hast unanym - in moasje oannommen fan de FNP tsjin de komst fan de fergister. De gemeenteried sil yn septimber definityf beslute oft de biofergister wol of net nei Burgum komt. Engie wol by de enerzjysintrale by Burgum sinnepanielen pleatse en in biofergister delsette. Yn sa'n fergister wurdt dong en túnôffal ferwurke ta gas.

Protest

Fan ferskate kanten yn Tytsjerksteradiel kaam protest tsjin de fergister. Omwenners binne benaud foar oerlêst, bygelyks yn de foarm fan stank en in protte ferkear fan frachtauto's. Boppedat soe it neidielen hawwe foar de natuer en it toerisme, sa sizze riedsleden. It terrein oan de Burgumer Mar is fan it enerzjybedriuw sels, mar it is ek in natuergebiet. Yn de omjouwing leit ek camping Zwartkruis.

Wurdfierder Michael Verheul fan Engie seit yn in earste reaksje op it riedsbeslút: "Wij zullen de ontwikkelingen van deze week op een rij moeten zetten. Daarbij zullen we de belangen en signalen uit de omgeving serieus moeten meewegen." De wurdfierder fan Engie wiist der op, dat Tytsjerksteradiel yn in technyske refleksje skreaun hat dat de plannen foar de biofergister yn it bestimmingsplan passe.

Dong út hiel Nederlân

Riedsleden fan de FNP tinke dat it by de fergister mear om hannel giet as om duorsume enerzjy. De fergisters binne sa grut dat der in soad grûnstof nedich is om se draaie te litten. Dan soe der net allinnich dong út de regio, mar út hiel Nederlân oanfierd wurde moatte. Dêr sit Burgum net op te wachtsjen.

Oerskot yn Fryslân

In reaksje fan Engie dêrop: "We verbazen ons over de discussie die speelt in de gemeente Tytsjerksteradiel over de vraag of er wel voldoende mest voorhanden is. Uit een eigen analyse van de gemeente blijkt namelijk dat er in de provincie Friesland 300.000 ton overschot aan mest ontstaat in de komende jaren."

(advertinsje)
(advertinsje)