Omrop TIP: Brassbandfestival Surventobrass live

17 jun 2017 - 07:36
Surventobrass

Brassbandmuzyk op in oantreklike manier hearre litte oan in breed publyk. Mei dat doel steane op sneon 17 juny sân brassbands op it poadium by Surventobrass. It jierlikse festival foar brassbands yn Surhústerfean wurdt fan 18.45 oere ôf live útstjoerd fia de Omropfryslan.nl/live/surventobrass en app fan Omrop Fryslân.

De dielnimmers
It is alwer de 9e edysje fan Surventobrass en dit jier dogge de folgjende brassbands mei: Euphonia (Ternaard), Hosannah (Ljouwert), Looft Den Heer (Bitgummole), Brassband Amersfoort (Amersfoort), De Lofklank (Oerterp), Altena Brass (Andel) en Provinciale Brassband Groningen (Grins). De bands meie sels har programma gearstalle fan op syn heechst 30 minuten. In solistysk wurk wurdt dêrby ek oanrekommandearre, de solist tinget mei nei de solistepriis. By de optredens is net allinne de muzyk wichtich, it giet foaral ek om it amusemint en it kontakt mei it publyk.

Streekrjocht te folgjen op Omrop Fryslân
It festival is op sneon 17 juny streekrjocht te folgjen op Omrop Fryslân op ynternet fia Omropfryslan.nl/live en fia de Omrop-app. Fan 18.45 oere ôf oant en mei de priisútrikking. Tusken de optredens troch soargje Sijtze van der Hoek en Andries de Haan soargje foar skerpe ynterviews mei diriginten en orkestleden.

It Koperkanaal
Omrop Fryslân makket ek opnamen dy’t letter te hearren binne op it Koperkanaal, www.koperkanaal.nl, de online radiostjoerder fan Omrop Fryslân foar leafhawwers fan muzyk fan harmony, fanfare en brassband. Mear ynformaasje oer Surventobrass is te finen op Surventobrass.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)