Twa nije keunstgersfjilden foar fuotbalklup Blau Wyt '34

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Fuotballers fan Blau Wyt '34 út Ljouwert spylje takom seizoen hast al har wedstriden op keunstgers. De klup krijt der twa keunstgersfjilden by, wylst der ek al trije keunstgersfjilden lizze op it sportkompleks Wiarda. It sportpark wurdt ek brûkt troch F.V.C. De kar is opfallend om't der ôfrûne hjerst noch opskuor wie yn de fuotbalwrâld oer de mooglike sûnensrisiko's fan keuntsgersfjilden.
De oanlis fan de fjilden set dizze simmer útein. De fjilden wurde foarsjoen fan in ljochtynstallaasje en sadwaande kinne der ek trainingen op plakfine. Blau Wyt hâldt noch ien gewoan gersfjild oer.