FIDEO: drokte en gesellichheid op Oerol

Grutte drokte op de fearboaten nei Skylge freed. In soad minsken nimme de kâns om noch eefkes te genietsjen fan it lêste Oerolwykein. Ferline wike begûn it festival en sneintejûn wurdt it ôfsluten.
In Japanske slachwurkgroep mei sang en dûns makke in soad yndruk mei in stik oer in tsûnamy. Dadadadan Tenko brûkt dêrfoar de taiko, in soart grutte trom. Dy foarmet in wichtich ûnderdiel fan de Japanske kultuer. De foarstelling oer de megagrutte floedweach fynt plak op it Noardseestrân en dat makket it noch yndrukwekkender.