"Kriminelen komme hjir gewoan as se frij spul hawwe"

Friezen fiele har oer it generaal bêst feilich op it plattelân, mar sjogge dêr wol graach mear plysjes. Dat wie alteast freedtemoarn de meast hearde reaksje op de Ljouwerter freedsmerk. Foar mear plysjes op it plattelân pleiten earder fan 'e wike ek kommissaris Arno Brok en syn kollega's. Dat idee koe dus ûnder keapers en keaplju op stipe rekkenje. "As se der yn de grutte stêden boppe-op sitte, komme se hjir. Dat is logysk".
Neffens de tasse-man is de 'kriminele migraasje' fan de Rânestêd nei it plattelân al jierren oan 'e gong en hie der al earder op reagearre wurde moatten. In ynwenner fan Seisbierrum fynt dat de plysje-ynset krekt yn it Westen bliuwe moat: "Yn Harns komt wolris in kotterke oan mei wat guod, mar dêr hawwe wy fierders gjin lêst fan". In frou út Ljouwert fielde har krekt wol ûnfeilich yn har buert: "Ik sit tusken twa drugshuzen yn. Dêr wurde jo net bliid fan.."