Op koarte termyn nije oanpak fan fiskstreuperij

16 jun 2017 - 12:58

De provinsje komt op koarte termyn mei in nije oanpak fan de grutskalige fiskstreuperij op snoekbears. Dat lit deputearre Johannes Kramer witte as reaksje op klachten fan berops- en sportfiskers. De fiskers fine dat de kontrôle en hanthavening op de streuperij hast neat mear foarstelt. De provinsje leit yn alle gefallen fiiftûzen euro yn it jier op it kleed foar de sportfiskers om dêr wat oan te dwaan.

Frijwilligers fan de sportfiskers binne op it stuit ek oan it wurk as bysûndere opspoaringsamtners. Ynkoarten gean de belutsen partijen mei-inoar om tafel om ta in nije oanpak te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)