Argewaasje oer metalfestival Death over Drachten

© ANP
Op social media is de ôfrûne dagen opskuor ûntstien oer it metalfestival Death over Drachten dat sneon hâlden wurdt yn poppoadium Iduna. It evenemint mei saneamde metalmuzyk, wêryn’t de dea faak sintraal stiet, en bands as Rotting Christ en Altar is net nij. Al sûnt 2009 hat it festival de namme Death over Drachten, mar it is dit jier foar it earst dat dy namme net by elkenien goed falt. Benammen út kristlike hoeke is der in soad krityk op kaam en der is op Facebook sels oproppen om sneontemiddei gear te kommen yn it Thalenpark om te bidden.
Wurdfierder Mariska Tuinier fan Iduna hie de diskusje net ferwachte. “Gelieerd aan Nederlandse en buitenlandse festivals in hetzelfde muziekgenre wordt ook vaak het woord ‘death’ gebruikt." Neffens har wurdt de titel te letterlik naam en hat de draai dy’t de minsken der no oan jouwe, nea de yntinsje west fan Iduna. “Wij zijn gewoon een poppodium voor alle muziekgenres en daar hoort death metal ook bij.”
"Tsjin de noarmen en wearden yn''
Baukje Veenstra sette har argewaasje oer de namme fan it festival op Facebook. Se fynt dat de namme tsjin de noarmen en wearden yngiet, om't der de lêste tiid in soad ferskriklike gebeurtenissen plak fine yn de wrâld. Har berjocht waard yn totaal mear as hûndert kear dield. "Ik was erg verrast dat het bericht zo vaak is gedeeld en zoveel gespreksstof doet opwaaien, dat had ik niet verwacht. Ik hoop dat mensen er in ieder geval over na gaan denken, maar ook dat de discussie op een respectvolle manier mag verlopen."
Ek Wieke reagearre fia Facebook op it festival yn Drachten. Sy tinkt deroan om sneon miskien nei Drachten te kommen om te bidden. “Ik vind het een mooi initiatief’’, fertelt se. ‘’Maar ik wil ook niet dat er een bepaalde strijd komt. Ik heb niets tegen de mensen die naar het festival gaan, dat is hun eigen keuze. Maar de teksten en de namen die gebruikt worden, dat vind ik zorgwekkend en totaal niet gepast.’’
Artistike frijheid
Dochs giet it der bytiden heftich oan ta. Sa wurdt der bygelyks praat oer terroristyske oanslaggen en oer de fermoarde tienerfamkes yn it midden fan it lân. Iduna is dêr bot fan skrokken. "Er wordt van alles bijgehaald, bijna bij het kwetsende af. We hebben dit nog niet eerder meegemaakt", sa seit Tuinier. Se kin har wol yntinke dat minsken der muoite mei ha kinne, mar fynt dat it hjir om artistike frijheid giet.