Fuotbalster Sisca Folkertsma makket oerstap nei Ajax

16 jun 2017 - 10:28
Sisca Folkertsma

De 20-jierrige fuotbalster Sisca Folkertsma fan Sleat ferlit PSV. Se makket de oerstap nei de froulju fan Ajax, sa meldt PSV op syn webside. Folkertsma spile twa seizoenen yn it PSV-shirt. Yn fyftich wedstriden skoarde se tsien doelpunten. Se kiest no foar in nije útdaging by Ajax. Dêr wurdt se meikoarten presintearre. ''Ajax is foar my in stapke omheech'', seit Folkertsma. ''Se spylje Champions League en dogge mei om it kampioenskip.''

Se hie hope op in transfer nei it bûtenlân, mar der wie net in soad belangstelling. ''Dit is foar my no de bêste stap'', fynt Folkertsma. Se docht dizze simmer mei oan it Europeesk kampioenskip frouljusfuotbal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)