Trainer LDODK: Kâns op histoaryske titel is fifty-fifty

16 jun 2017 - 09:54

De kuorballers fan LDODK út Terwispel en De Gordyk kinne sneon foar in primeur soargje. Se spylje dan de finale fan it fjildkuorbal tsjin Blau Wyt Amsterdam, en by winst binne de Gordyksters de earste Fryske ploech dy't de Nederlânske titel wint.

LDODK is dwaande mei it bêste seizoen út de kluphistoarje. Yn de sealkompetysje einige de ploech fan Erik Wolsink as tredde, en no op it fjild sitte se foar it earst by de bêste twa fan Nederlân. De finale is sneontejûn om 18.00 oere yn Bennekom, op de fjilden fan DVO. De wedstriid is te sjen op de livestream fan Omrop Fryslân.

Fifty-fifty

Trainer Erik Wolsink fan LDODK skat de kânsen op fifty-fifty. In finale stiet dochs op himsels. "Gemiddeld genomen hebben wij een goed trackrecord tegen Blauw Wit. Vandaaruit zou je je rijk kunnen rekenen", seit de trainer. Hy fynt dat in goede tarieding needsaaklik is.De dei fan de finales hawwe se in goede foarm nedich, mar ek in goed konsept, seit Wolsink. "Als ze allemaal de discipline hebben om taakgericht te werken, dan denk ik dat we goede kansen hebben. De motivaasje is der wol. "De ploeg heeft er zin in."

Trije muorren

Spiler Jetze de Jong: "It wurdt seker in spannende wedstriid, mar absolút net ûnmooglik. As ik in bal pakke wol en ik moat troch trije muorren, dan gean ik troch trije muorren, Want ik wol dy bal hawwe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)