Ljouwert fernuvere oer brânbrief dakleaze asylsikers

16 jun 2017 - 09:43

De gemeente Ljouwert is fernuvere oer de brânbrief dy't tal fan maatskiplike organisaasjes tongersdei stjoerd hawwe oer de opfang fan dakleaze asylsikers. Neffens sektormanager Ellen de Bruin fan de gemeente fangt Ljouwert dizze groep just wol op. Der is neffens har dan ek gjin sprake fan dat der wol fyftich of mear asylsikers op strjitte swalkje moatte. Mar yn tsjinstelling ta de opfang yn Grins, dy't neffens de brânbrief as foarbyld tsjinnet fan hoe't it wol moat, wurde yn Ljouwert net alle yllegale asylsikers opfong.

Der is gjin plak foar kriminele asylsikers, mar dat moatte je neffens De Bruin ek net wolle. Sy wol de skriuwers fan de brânbrief ynkoarten útnûgje foar in petear.

(advertinsje)
(advertinsje)