Fjouwer oanhâldings foar stellerij út winkels yn Drachten

16 jun 2017 - 09:00

Yn Drachten binne de ôfrûne trije dagen ferskate winkeldieven oanhâlden. Tiisdei rûnen in 33-jierrige man út Ter Apel en in 18-jierrige Drachtster tsjin de lampe. Se hiene Ajax-klean, rûkersguod en sjampoo stellen. In dei letter hâlde de plysje in 39-jierrige frou út Wynjewâld oan. Se hie yn ferskate winkels yn Drachten klean stellen.

Foar datselde fergryp waard tongersdei  in 29-jierrige Marrokkaanske man sûnder fêst wenplak arrestearre. In meiwurkster fan ien fan de bestellen winkels seach de kleanstellerij en kaam yn aksje. Alle fjouwer de fertochten sitte fêst.

Trefwurden: 
stellerij klean Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)