Kollum: "Ferslave oan de mobile telefoan"

16 jun 2017 - 08:30

"Doe’t wy op fakânsje wiene yn Suriname, sieten wy op in terras op de taksysjauffeur te wachtsjen. Der kaam ek in mem oan mei in berntsje yn in buggy. It wie in hiel skattich famke fan in jier of twa en de mem wie oan it beljen doe’t se by it taffeltsje neist ús sitten gong. Se belle noch doe’t se wat bestelde en ek noch doe’t har famke begûn te sangerjen.

De telefoan kaam tusken it ear en it skouder en mei de frije hannen besocht se it bern ôf te lieden sadat it stil waard. In bekerke mei drinken, in bearke. Mar it joech allegearre neat. It famke gûlde en gûlde en de mem belje mar troch.

Op in bepaald momint kaam der in oar frommeske oan. Gewoan immen dy’t ek op it terras siet en se frege oan de mem oft se efkes mei har berntsje rinne mocht. Al beljend knikte se en it bern waard út de buggy helle. It makke de mem eagenskynlik neat út. Se seach net op of om doe’t it frommeske mei har bern op ‘e earm by it taffeltsje weirûn en se hat ek net ien kear om har hinne sjoen om de boel yn ‘e gaten te hâlden.

Letter kaam it frommeske werom mei it berntsje dat se wer yn ‘e buggy sette. De mem belle noch en it duorre net lang foardat it famke wer begûn te seuren. Neat holp, dus tilde se har út ‘e buggy mei de telefoan wer ûnhandich tusken it ear en it skouder en se sette it famke by har op ‘e skoat. Mar dat wie ek net nei’t sin. De mem besocht fan alles om it bern stil te krijen, mar it joech neat en koest sjen dat it har hiel bot yrritearre.

My ek. Want doe’t de taksysjauffeur kaam en wy fuortgiene, siet se noch te beljen en dat earme berntsje hat gjin ien kear oprjochte oandacht hân. Ik fûn it sa freeslik en it begrutte my ta de teannen út. Gjin wûnder dat se sa ferfelend wie.

In pear wiken lyn soe ik myn auto waskje litte, mar der wie immen foar my. Dy auto stie yn ‘e waskstrjitte en in heit mei in jonkje wachten bûtendoar. De heit gong sitten, krige syn telefoan en seach allinnich mar nei it skerm. It jonkje dangele der wat by om mar wie wol rêstich, fierder. Dochs wie dit ek hiel sneu om te sjen, want wylst se sieten te wachtsjen hat der amper in foarm fan echt kontakt west.

Ik wit net oft it libben wol safolle better wurden is mei de útfining fan de mobile telefoan. Fansels is it handich en ik bin ek net hillich. Ik sjoch ek wol gauris te lang nei it skerm, mar wat bin ik bliid dat ik noch net ien hie doe’t ús bern lyts wiene. En hoe is it mooglik dat myn generaasje en dy dêrfoar altyd oerlibbe hawwe sûnder sa’n ding.

Op himsels hoecht in mobyltsje net in ramp te wêzen, want kinst dy ek ferlieze yn in boek of ferstopje achter de krante. Mar in boek en de krante nimst net gau mei ast de auto waskje litst of nei in terras giest. No sil ek wol net elkenien like ferslave wêze, mar sûnder kinne we amper mear. Dochs kinne bern ek net sûnder oandacht en eachkontakt.

Immen dy’t mear nei it skermke fan de telefoan sjocht as yn ‘e eagen fan syn leafsten, lit in hiel stik ferantwurdlikheid lizze. Libje it echte libben…  ús bern hawwe dêr seker rjocht op."

Trefwurden: 
Hilda Talsma Kollum
(advertinsje)