Nij foarstel foar swimbad De Kûpe yn Bûtenpost

15 jun 2017 - 22:52

De gemeente Achtkarspelen komt meikoarten mei in nij foarstel foar in swimbad. De gemeente hat earder de subsydzje foar it swimbad De Kûpe yn Bûtenpost ynlutsen.

Ynisjatyfnimmers koenen plannen yntsjinje om in 25-meterbad yn de gemeente te hâlden. It wie dan wol de bedoeling dat de gemeente dêr net oan mei hoegde te beteljen. Der binne trije plannen yntsjinne, mar dy foldienen net oan de betingsten fan de gemeente. Achtkarspelen sil no nije kritearia opstelle.

(advertinsje)
(advertinsje)