Minister Schultz: Gjin monteur stand-by op de Ofslútdyk

© Camjo Media
Ferkearsminister Melanie Schultz van Haegen is net fan doel om in monteur stand-by te hâlden op de Ofslútdyk, om de steuringen oan de brêgen rapper te ferhelpen. Dat is net nedich, seit se yn antwurd op Keamerfragen, omdat de problemen te krijen hawwe mei it kuoljen fan de brêge.
Kuolje
Om de problemen te ferhelpen, is gjin monteur nedich. Kuolje is genôch. As de situaasje feroaret, sil de minister besjen oft it net dochs ferstannich is om wol in monteur yn te setten. Dat hat se foarich jier ek dien.
Al in pear wiken lang kuollet Rykswettersteat de brêgen by Koarnwertersân oerdeis tusken 09:00 en 21:00 oere. Dat bliuwt sa salang't it nedich is, seit Minister Schultz, en it is langer as earder wol dien waard.
Ekonomysje skea
Hoe grut oft de ekonomyske skea is dy't de steuringen feroarsaakje, is net te sizzen, seit de minister, omdat it net registrearre wurdt. En op de fraach hoefolle steuringen oft se de kommende jierren noch ferwachtet, wol se gjin antwurd op jaan. "Ik kan daar geen uitspaak over doen", seit se.