Ferstanlik beheinden aktyf yn Ljouwerter hoareka

15 jun 2017 - 21:56

Seis hoareka-ûndernimmers yn de Ljouwerter Grutte Heechstrjitte hawwe tongersdei njoggen minsken mei in ferstanlike beheining wat bysûnders meijûn. Sy mochten mei oan it wurk op de meast drokke mominten yn bygelyks de betsjinning, mar ek yn de keuken.

Prokkel

Soks hjit in prokkelstaazje, wêrby't minsken mei in ferstanlike beheining en minsken dy't dat net hawwe elkoar op in prikkeljende wize moetsje. It idee om soks op dy wize te dwaan, komt fan Talant-meiwurkster Esther de Haan op it momint dat sy yn ien fan dy hoarekasaken wie. Sy bespruts it mei de eigener, dy't entûsjast reagearre. Dêrnei folgen noch fiif hoarekasaken.

Tefreden

Sawol de útbaters as de njoggen dielnimmers wiene tongersdei goed te sprekken oer de staazje. Mooglik smyt it foar ien of mear fan de dielnimmers ek noch bybaantsje op.

(advertinsje)
(advertinsje)