Gemeenteried Tytsjerksteradiel tsjin biofergister

15 jun 2017 - 21:35

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel hat him tongersdeitejûn yn grutte mearderheid keard tsjin de komst fan in biofergister nei Burgum. De riedsleden binne bang foar stjonkerij. Se tinke fierders dat de komst fan de fergister neidelige gefolgen hawwe sil foar it toerisme.

De wjerstân yn Burgum soe tige grut wêze. In moasje fan de FNP, dy't him útsprekt tsjin de komst fan de fergister, waard troch hast alle partijen stipe. De gemeenteried sil yn septimber definityf beslute oft de biofergister wol of net nei Burgum komt.

(advertinsje)
(advertinsje)