Fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk is ynternasjonaal súkses

De fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk is ynternasjonaal al in súkses noch foardat er oanlein is. Der hawwe al delegaasjes út Yndonezië, Tailân en Spanje op besite west. En dizze wike is in delegaasje fan de fiskmigraasjerivier yn it Amerikaanske Portland oan it wurk op in grutte konferinsje fan hûnderten saakkundigen.
De keunstmjittige rivier yn de Ofslútdyk moat derfoar soargje dat soarten dy't hinne-en-wer reizgje tusken sâlt en swiet wetter en dat ek goed dwaan kinne. Dat is goed foar de fiskstân yn de Waadsee en de Iselmar.
Teststasjon
Yn Amearika moat ûnder oare ynformaasje boppe wetter helle wurde oer de oanlis fan in teststasjon. Dêr fanút kin wittenskiplik ûndersyk dien wurde. De minsken wurde ek bypraat oer de lêste stân fan saken en hoe't besocht wurdt om it gruttere publyk by it projekt te belûken. Op it stuit wurdt de oanbesteging fan de oanlis taret. Der is genôch jild foar dy oanlis. Al rinne der noch wat oanfragen foar relatyf lytse bedragen.