Undersyk nei effekten opspuitsjen sân

In baggerskip oan it wurk © ANP
Rykswettersteat lit ûndersykje wat de effekten binne foar de natoer fan it opspuitsjen fan sân foar de kust. Alle jierren spuitet Rykswettersteat miljoenen kubike meters sân op, flak foar de kust, om sa it lân tsjin de see te beskermjen. It is net krekt dúdlik wat dat betsjut foar de natoer yn de ûndjipten foar de kust. Fisken brûke dy ûndjipten as kreamkeamer.
Ien fan de lokaasjes dêr't it ûndersyk útfierd wurdt, is It Amelân. Dêr sil Rykswettersteat ek sjen nei de effekten dy't it sânspuitsjen hat op de Waadsee.