Ljouwerter healjier de sel yn om deadlik ûngelok Donkerbroek

15 jun 2017 - 20:32

De Ljouwerter dy't yn 2015 in deadlik ûngelok feroarsake op de N381 by Donkerbroek, moat in healjier de sel yn. En hy mei trije jier lang net autoride. Dat hat de rjochter bepaald. It Iepenbier Ministearje easke twa wiken lyn oardel jier sel. 

De man is yn in flauwe bocht mei de auto op de ferkearde helte fan de dyk telâne kaam. Hy botste frontaal op de auto fan in echtpear út Hoogeveen. De 52-jierrige bestjoerder fan dy auto oerlibbe dat net. Syn 54-jierrige frou rekke swierferwûne. 

Black-out

De Ljouwerter sei dat er flak foar it ûngelok in black-out hân hawwe moat. Ut syn telefoangegevens die bliken dat de man fanôf it momint dat er yn Ljouwert yn de auto stapte oant it momint fan de botsing hast de hiele tiid oan it Whatsappen wie mei syn freondinne. Dy hie sein dat se it útmeitsje woe. Yn in ûnophâldlike stream fan berjochten hie er har witte litten dat er in ein oan syn libben meitsje woe. Dat er dat echt woe, wie net te bewizen. De man ferklearre achterôf dat er it allinne mar sein hie om sa syn freondinne safier te krijen dat se by him bliuwe soe. 

De rjochtbank giet der net fanút dat de Ljouwerter in black-out hân hat. Hy wie folslein tarekkenber, seit de rjochtbank. Yn de straf hâlde de rjochtbank der rekken mei dat de man faker te hurd ried.

Trefwurden: 
oanriding Donkerbroek N381
(advertinsje)
(advertinsje)