Stefano Marzo ferruilet SC Hearrenfean foar Lokeren

15 jun 2017 - 19:34

Fuotballer Stefano Marzo giet fuort by SC Hearrenfean. De ferdigener giet nei it Belgyske KSC Lokeren. Dêr tekenet er in kontrakt foar trije jier. Marzo spile 115 earedifyzjewedstriden yn it shirt fan Hearrenfean. Hy kaam yn 2013 oer fan in oare Belgyske klup: Beerschot. 

Technysk manager Gerry Hamstra neamt Marzo in foarbyld foar oare spilers. "Marzo hat him altyd folslein ynset foar Hearrenfean", seit Hamstra. Hy winsket him alle súkses by Lokeren.

(advertinsje)
(advertinsje)