"Snoekbearstreupers hawwe sawat de frije hân yn Fryslân"

De grutskalige fiskstreuperij yn Fryslân wurdt noch mar kwalik oanpakt, seit Eelke Boersma. Hy is foarsitter fan de Fiskstân Behearskommisje, dêr't berops- en sportfiskers mei elkoar besykje it Fryske fiskwetter goed en sûn te hâlden.
Jierren lyn wie der noch in saneamd fiskstreuperijteam, mar dat is der al lang net mear. Der binne neffens Boersma noch wol in pear minsken aktyf dy't ynsidenteel wol ris wat dwaan wolle, mar der is kwalik jild en tiid foar frijmakke. Underwylst komme der fanút sawol de sport- as de beropsfiskers noch in soad signalen dat it geregeld mis giet mei foarspelbere gefolgen foar benammen it oantal snoekbearzen.
Boersma ropt de ynstânsjes op om it probleem wer op te pakken en de streuperij te bestriden.