Manshege houliksportretten nei Museum Martena

15 jun 2017 - 18:59

Mear as 30 jier ha se net foar publyk te sjen west, de skilderijen fan slotfrou Sophia van Vervou fan it Martenahûs en har man Wytze van Cammingha. Mar de kommende moannen hingje se yn Frjentsjer, yn it Martenahûs, dêr't it pear wenne, hast 400 jier lyn. Yn dy tiid binne de portretten ek skildere. Mansheech, en mei in keninklike útstrieling, yn de tradysje fan Rembrandt van Rijn. De skilderijen komme út in partikuliere kolleksje. 

Houlik

De skilderijen binne makke ta gelegenheid fan it houlik fan Sophia en Wytze, yn 1632. Sophia wie doe 19 jier âld. Wytze wie 40. En syn broer Pieter wie troud mei Sophia's mem. Mem en dochter wiene dus ek skoansusters.

It Amelân

As Wytzes broer Pieter yn 1638 komt te ferstjerren, wurdt Wytze frijhear fan It Amelân. Sophia moat har Martenahûs ferlitte, en komt yn it Camminghaslot op It Amelân te wenjen. Trije jier letter stjert Wytze. Sophia erft it eilân, en in pûde jild, mar krijt rúzje mei de Cammingha's oer de erfenis.

In pear jier letter trout se opnij mei in heechlearaar fan de Frjentsjerter universiteit, Joachim Andreae. Bern krijt se net, al wurdt der wol sein dat se in affaire hat mei in kollega fan har man. 

Wybrand de Geest

De skilder, Wybrand de Geest, wie oantroude famylje fan Rembrandt van Rijn. Hy stie bekend as de bêste skilder fan Fryslân. De skilderijen binne oant en mei fiif novimber te sjen yn it Martenahûs yn Frjentsjer. De tentoanstelling wurdt sneon iepene troch konservator Jonathan Bikker fan it Rijksmuseum yn Amsterdam.

Trefwurden: 
skilderij Museum Martena
(advertinsje)
(advertinsje)