Positive reaksjes op bleate boarsteprotest yn Ljouwert

It bleate boarsteprotest yn de Prinsetún yn Ljouwert levere tongersdeitemiddei foaral positive reaksjes op fan omstanners. Sa'n tweintich froulju en in man diene mei oan it protest mei ûntbleate boppeliif. Fanwege it moaie waar wiene der in soad minsken yn de Prinsetún. De aksje koe dan ek op aardich wat oandacht rekkenje fan omstanners, mar ek fan de oanwêzige parse.
Inisjatyfnimster Laura en de oare aksjefierders wiene foldien mei it protest: "Ik hoop dat veel mensen het hebben gezien en denken: dit gaan we vaker doen!" In oantal dielnimmers dielde flyers út om de nijsgjirrige omstanners it doel fan de aksje út te lizzen.