Gjin sel foar Boalserter dy't frou ombringe woe mei in bile

15 jun 2017 - 17:56

De man út Boalsert dy't mei in bile yn de auto ûnderweis wie nei syn frou om har om te bringen, hoecht net nei de finzenis. Hy hat in selstraf krigen dy't like lang is as syn foararrest, hat de rjochter bepaald. De man wurdt op it stuit behannele fanwege syn agressiviteit.

Hy koe it net ferneare dat der nei tritich jier in ein oan de relaasje mei syn frou kaam. De man hie al ris besocht syn frou fan de dyk te riden en wie yn jannewaris mei in bile ûnderweis nei har wurk. Hy hat ûntkend dat er har wat oandwaan woe, mar de rjochter leaude dat net.

Trefwurden: 
Boalsert bile
(advertinsje)
(advertinsje)