FIDEO: Lânskipsprojekten op it strân fan Oerol

Skylge is in laboratoarium foar lânskipsprojekten. Dat hat alles te krijen mei Sense of Place, it op 'e nij ûntdekken fan de wearden fan de Waadsee en de belibbing fan it natoergebiet te fergrutsjen. Lânskipsarsjiktekten, keunstners en tal fan oaren bondelje harren krêften om unike saken del te setten yn it lânskip.
Dúnfoarming
In foarbyld dêrfan is bygelyks 'Windwerk'. Ynspirearre troch it wurk fan M.C. Escher feroaret it strân by Midslân oan See yn in geometrysk lânskip fan helmgerseilannen. Ien fan de lânskipsarsjitekten dy't dêr by belutsen is, is Hester Annema. Dizze dagen is sy op it strân te finen om festivalgongers te learen oer dúnfoarming en it meitsjen fan in nij lânskip.
Sânobjekten
In oar projekt is 'Levend DNA' fan keunstner Nienke Brokke. Op it strân fan Midslân oan See, hat sy in laboratoarium makke om mei besikers sânobjekten te meitsjen. Brokke brûkt dit as in prelude foar har oare grutte projekt, Dijk van een Wijf. Dat is in oar soarte fan seedyk dy't by Holwert oanlein wurdt. In seedyk yn de foarm fan in lizzende neakene frou.