De Lytse Haske en Piekeboe winne prizen

Eigenaresse Stien Ploegstra (links) en meiwurkster Susan Bosma
Thúshûs De Lytse Haskes yn Aldehaske hat de Kinderopvang Award wûn foar de bêste berne-opfanglokaasje yn Fryslân. De priis is basearre op wat âlders fine fan de opfang. En dy jouwe De Lytse Haskes in 9,7.
De award waard tongersdei útrikt yn Ede op in ynspiraasjedei foar berne-opfangplakken. De Lytse Haskes is oansletten bij de Stichting Thuishuis. Dy biedt lytsskalige berne-opfang wêrby't de eigener altiten de liedster is fan it thúshûs.
De Piekeboe yn Reahel is útroppen ta bêste gastâlderburo fan Nederlân.