Skylge pakt oerlêst fan yllegale Oerol-feestjes oan

Steatsboskbehear op Skylge sil de oerlêst fan yllegale feestjes op it eilân oanpakke. Troch de betide slutingstiden fan kafees en terrassen sykje de Oerol-gongers harren heil op oare plakken. Sa wurde der in soad dúnfeesten organisearre en dy soargje by omwenners foar oerlêst. Ek is der yn de dunen in ferhege kâns op brân.
Dêrom docht Staatsbosbeheer der op it stuit alles oan om de klandestine feestjes tsjin te gean. Se ha de wurktiden oanpast en kontrolearje no oant twa oere nachts yn de dunen.