FIDEO: Seinemeanen foar 'dummies'
De belangstelling foar âld-ambachten nimt mear en mear ta. It seinemeanen is dêr in foarbyld fan. Elts jier organisearret Steatsboskbehear in demonstraasje yn it meanen fan gerslân mei in seine. Andries van der Veen fan Wolvegea jout de demonstraasjes seinemeanen elts jier en dêr komme hieltyd mear minsken op ôf.