"Avesearje mei oanpak fargeul en autobrêge It Amelân"

15 jun 2017 - 15:40

It is moai dat Rykswettersteat seit dat der wurke wurdt oan oplossingen foar de problemen mei de fargeul nei It Amelân en de autobrêge yn de haven fan Nes, seit boargemaster De Hoop fan it eilân. Mar hy sjocht it leafst dat se der hjoed noch mei begjinne. Reizgers fan en nei It Amelân ha tsjintwurdich hast altiten te krijen mei fertraging troch de ûndjippe geul en de autobrêge dy't geregeld hingjen bliuwt.

Tongersdei is de fernijde feardaam op it eilân yn gebrûk naam, mar dêr ha de minsken net safolle oan as it sa'n toer is om tusken it eilân en de fêste wâl te reizgjen. Boargemaster De Hoop is like frustrearre as de oare Amelanners, seit er. Hy bliuwt omtinken freegjen foar de problemen mei de berikberheid, al moat er alle dagen nei Den Haag. Syn eigen trip mei de boat koste him ferline wike in kear 2,5 oere ekstra reistiid.

Trefwurden: 
fargeul autobrêge It Amelân
(Advertinsje)
(Advertinsje)