Kampanje om âldereinsoarch fan negatyf imago ôf te helpen

15 jun 2017 - 15:30
Foto: Omrop Fryslân

Fyftjin soarchorganisaasjes komme mei in kampanje om it wurkjen yn de âldereinsoarch fan syn negative imago ôf te helpen. Neffens de organisaasjes tinke minsken dat it wurk mei âlderen swier en net leuk is. Dêrtroch wurdt it hieltiten dreger om ferpleechkundigen en fersoargers te finen, wylst it tal âlderen de kommende jierren allinnich mar grutter wurdt.

Yn de kampanje fertelle minsken dy't yn de âlderensoarch wurkje hoe belangryk en moai it wurk is dat se dogge. De soarchorganisaasjes hoopje sa mear personiel te krijen.

(advertinsje)
(advertinsje)