Theunis Piersma nominearre foar de Huibregtsenprijs

15 jun 2017 - 15:16

Heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma fan de Ryksuniversiteit Grins is nominearre foar de Huibregtsenprijs 2017. Dat is in priis foar in ûndersyksprojekt dat wittenskiplik fernijend is en dúdlik nuttich is foar de maatskippij.

Piersma is nominearre foar syn ûndersyk nei hoe't de fersprieding fan en de oantallen Waad- en greidefûgels gearhingje mei klimaat, fretten, rôfbisten, syktekimen en histoarysk-genetyske achtergrûn. Hy wûn der earder al de prestisjeuze Spinozapreemje foar. 

Njonken Piersma binne der ek oare gadingmakkers. Uteinlik is der ien winner fan de Huibregtsenprijs. Dy bestiet út in jildbedrach fan 25.000 euro en in keunstwurk. De priis wurdt yn oktober útrikt.

(advertinsje)
(advertinsje)