Alle kandidaten earste eineksamen TKC Hurdegaryp slagge

15 jun 2017 - 14:23
It Tjalling Koopmans College - Foto: Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan

De earste lichting eineksamenkandidaten fan it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp hat it goed dien. Alle tolve vmbo-learlingen binne slagge, de measten foar alle fjouwer de sektoaren: ekonomy, lânbou, technyk en soarch en wolwêzen. It Tjalling Koopmans College begûn fjouwer jier lyn, yn it gebou fan de eardere basisskoalle De Winde. Plannen foar de skoalle wienen der al langer, mar de start rûn fertraging op troch beswieren fan oare middelbere skoallen.

It Tjalling Koopmans College wurket mei lytse klassen fan maksimaal 16 learlingen en hat amper administraasje en lieding, sadat it jild nei it ûnderwiis kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)