Swimmers pas op: warskôging foar blau-alch

15 jun 2017 - 14:14
Warskôgingsboerd foar blau-alch by it swimplak Yndyk - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Op meardere plakken yn ús provinsje moatte swimmers op it stuit rekken hâlde mei blau-alch. Under mear by Wâldsein, op Skylge en by Sint-Nyk jildt in warskôging foar blau-alch. By de swimlokaasjes by Langwar en De Rottefalle binne de eardere warskôgings foar minne wetterkwaliteit yntusken wer ynlutsen. Troch de oanwêzichheid fan blau-alch yn it wetter kinne swimmers ûnder oare lêst krije fan de hûd.

Op de webside fan Zwemwater.nl fine je in aktueel oersjoch fan de wetterkwaliteit yn Nederlân.

(advertinsje)
(advertinsje)