Nije feardaam fan It Amelân yn gebrûk naam

15 jun 2017 - 13:37

It Amelân nimt tongersdei de fernijde feardaam yn gebrûk. Foar tsien miljoen euro binne der de ôfrûne moannen op de daam nije kuier- en fytspaden oanlein, kin it ferkear no op skieden rydbanen de fearboat op en is der in nij havenkantoar delset. Ek is der in nije autobrêge kaam, as oanlisplak foar de fearboat. Op dit stuit hat de autobrêge noch geregeld steuringen, wêrtroch it bytiden skoften duorret foar't elk de boat op of ôf kin.

Neffens Rykswettersteat komt dat omdat de brêge fol elektroanika sit en dy sa skerp ôfsteld stiet dat dy gau yn steuring sjit. Der wurdt wurke oan in oplossing, mar Rykswettersteat warskôget dat it wol in jier duorje kin foardat alle problemen ferholpen binne. Fanwege de steuringen wurdt de autobrêge troch de Amelanners al 'brug der zuchten' neamd.

Trefwurden: 
feardaam It Amelân iepening
(advertinsje)
(advertinsje)